Gjin PC foar Cornelis Terpstra

20 jun 2012 - 21:16

Cornelis Terpstra mei net útkomme op de PC fan dit jier. Terpstra wie fan doel om him mei Jacob en Chris Wassenaar te pleatsen foar de PC. Der is foar it earst dit jier in saneamde keats-off foar it 16e plak op de PC. De oare fyftjin partoeren wurde oanwiisd troch de technyske kommisje.

Terpstra en syn maten woenen fia dy keats-off dielname oan de PC ôftwinge. Dêrfoar hie it partoer him lykwols oanmelde moatten foar de twadde searje yn de earste klasse.

Dat hawwe sy noch wol besocht, mar de oanmelding kaam te let binnen op it bûnsburo fan it keatsbûn. De inskriuwingstermyn wie doe al sletten. Allinnich partoeren dy’t harren foar dy searje oanmeld hawwe, komme yn oanmerking foar dielname oan de keats-off.

Trefwurden: 
keatsen PC Cornelis Terpstra
(advertinsje)
(advertinsje)