Plysje Ljouwert hâldt agressive en dronken minsken oan

12 maaie 2018 - 10:20

De plysje yn Ljouwert moast freedtenacht wer ferskate kearen yn aksje komme fanwege dronken en agressive minsken yn de stêd. In 33-jierrige ynwenner fan Purmerend waard oansprutsen troch de plysje, om't er troch de Alde Doelesteech fytste. Yn dy sône jildt in fytsferbod. De man, dy't by de plysje bekend stiet as drugsdealer, gie daliks troch it lint. Hy waard dêrop oanhâlden en krige proses-ferbaal.

Op it Ruterskertier binne twa ynwenners fan Ljouwert fan 18 en 45 jier oanhâlden foar it misledigjen fan plysjes.

Dronken

In 13-jierrich famke út Ljouwert waard yn it Vosseparkje oanhâlden, om't se alkohol dronken hie. Se krige proses-ferbaal en der is in soarchmelding makke. Op it NS-stasjon hat de plysje in 65-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân oanhâlden, om't er dronken wie en de iepenbiere oarder fersteurde. Ek hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
agresje alkohol Ljouwert plysje
(advertinsje)
(advertinsje)