Plysjehûn fisket jonge ynbrekker út boskjes yn Drachten

Plysjehûn © ANP
In plysjehûn hat freedtenacht in jonge ynbrekker út de boskjes fiske yn Drachten. De 17-jierrige fertochte hie ynbrutsen by in brillesaak oan de Noarderbuert yn Drachten, mar waard betrape troch de plysje doe't er op it dak fan de winkel rûn. Hy naaide út en ferstoppe him.
Yntusken fûn de plysje flakby de brillesaak in beurs mei it identiteitsbewiis fan de ynbrekker én in brillekoker út de winkel. De plysjehûn kaam de jonge gau op it spoar, mar dy woe nei meardere warskôgingen net út de boskjes komme. Sadwaande waard de hûn op him ôfstjoerd.
By de oanhâlding waard de fertochte biten troch de hûn. Hy is troch ambulânsepersoniel behannele oan syn ferwûningen. Dêrnei is de jonge oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert foar ferhoar en ûndersyk. De eigener fan de winkel hat oanjefte dien fan ynbraak.