Grutte oefening Hegemermar

© Rudy Bouma
Helptsjinsten binne woansdeitejûn manmachtich útrukt op de Hegemermar foar in oanfarring tusken twa boaten. Gelokkich wie it allegearre net echt. De oanfarring wie yn sêne set foar in oefening.
Trije brânwachtboaten, in ambulânseboat, twa plysjeboaten en in boat fan de KLPD oefenen op it wetter. Sintraal yn 'e oefening stie de kommunikaasje tusken de ferskate helpferlieningstsjinsten.