Snits tinkt nei oer jierliks ferfolch At the Watergate

It muzykfestival At the Watergate yn Snits krijt mooglik in jierliks ferfolch. Dat soe dan in lytsskaliger konkoers of festival wêze, foar bern dy't op skoalle muzykles krije. Dat meldt de organisaasje fan At the Watergate. Pommeranten yn it Fryske kultuerûnderwiis ha in yntinsjeferklearring tekene foar in programma dat inisjativen yn it muzykûnderwiis stimulearje moat.
Neffens de organisaasje is it festival it grutste ynternasjonale evenemint fan Kulturele Haadstêd. Der diene yn totaal 6.000 muzikanten oan mei út mear as 20 ferskillende lannen. De organisaasje skat yn, dat der sa'n 55.000 besikers west ha. Fan tefoaren waard hope op 60.000 minsken. Festivaldirekteur Lieuwe Toren: "Op allerlei manieren zijn er contacten gelegd; zoals tussen landen, deelnemers, medewerkers en vrijwilligers en de podia in de verschillende plaatsen. At the Watergate heeft andermaal aangetoond dat muziek verbindt en tevens een streep gezet onder de organisatiekracht, ambitie en het gezonde culturele klimaat van Súdwest-Fryslân."
Ynstrumintefûns
De organisaasje is derfan oertsjûge, dat der troch it festival mear oandacht komme sil foar muzyk yn it reguliere ûnderwiis. Om dat te stimulearjen is der in ynstrumintefûns yn it libben roppen. Skoallen kinne dêr gebrûk fan meitsje.
Sofia
At the Watergate yn Snits stiet net op himsels. It is de trettjinde edysje fan it Europeeske jeugd-muzykfestival EYMF (European Youth Music Festival). It is freedtejûn ôfsletten mei in konsert foar de dielnimmende muzikanten. De folgjende edysje fan it festival is yn Sofia, yn Bulgarije.