Kollum: "Normaal en SC Hearrenfean"

12 maaie 2018 - 07:47

"Tongersdei wie it Himelfeartsdei. Yn 1993 foel dy dei op 20 maaie. Dat wit ik noch, omdat we hjir yn Fryslân doe sjen litten ha wêrta ús mienskip yn steat is. Teminsten, as je net oanhinger fan dy oare klup wienen. Mar yn 1993 ha de Friezen der foar soarge dat in op stjerren nei dea evenemint wer op de kaart kaam. Dêr binne wy hjir goed yn. De KNVB-bekerfinale wie altyd in treastpriis, je pleatsten je as winner foar de Europacup 2, dy't doe noch bestie. Doe't SC Hearrenfean him yn 1993 nei de finale yn Rotterdam wraksele, barde der hjir wat hiel spesjaals. De lytse provinsjeklup mobilisearre troch harren oansteklike fuotbal safolle goodwill, dat de Kuip yn Rotterdam healfol mei Friezen en oanferwanten siet. De bylden fan de lange rige mei bussen binne legindarysk wurden.

It wie de tiid dat Gertjan Verbeek noch linksback spile en Foppe de Haan mei in mânske bril op de noas, noch blond hier hie. De kwartfinale, wêryn't PSV yn it âlde Abe Lenstra Stadion útskeakele waard, wie neffens my ien fan de moaiste wedstriden dy't ik meimakke ha. De hjoeddeistige jonge generaasje sjoernalisten sille der noch net by west ha en dat is eins wol spitich. De wedstriid golve op en del. PSV hie in alvetal fol mei internationals, mar ferlear yn in ferlinging troch in foarset op maat fan Jan de Visser, Marco Roelofsen jage de bal yn de linker hoeke. It âlde krakkemikkige stadion, dêr't echt gjin kyp mear by koe, foel hast út elkoar. De finale wie in moai barren, mar der waard mei 6-2 ferlern fan in klup út Amsterdam, dus kompleet wie it sprookje net. Mar wol in Himelfeartsdei om net wer te ferjitten.

Tongersdei wie it Himelfeartsdei. As lytse Ferdinand hie ik in hobby. Ik wie (en bin) gek op âlde trekkers fan it merk McCormick. Ik kocht se as se âld en foech wienen. Dêrnei soarge ik dat de motor it wer goed die, laske de gatten yn de spatbuorden ticht en skjirre my in ûngelok om alles wer glêd te krijen. As slachrjemme op de taart kaam der dan in nije reade laklaach op. En dan, as de lak drûch wie, gie ik mei myn âlde nije trekkerke in slach troch it doarp. Op sa'n trekker siet noch gjin ergonomysk ferantwurde stoel mei ferwaarming, mar in panne dêr't je in stik skomrubber yn te plak knipten. Achter op dy panne sette ik mei plakletters altyd in pear dingen. Omdat ik grutsk wie dat we op in buorkerij wennen, kaam der 'De boer is troef' op te stean.

Yn Hummelo barde yn 1975 wat spesjaals. Der waard in band oprjochte, dy't in hiel eigen publyk oan him wist te binen. Tritich jier ha se alle feesttinten platspile. Folslein terjochte dat Bennie Jolink en syn maten yn brûns ferivige binne. Ofrûne tongersdei, op Himelfeartsdei dus, waard it stânbyld fan Normaal ûntbleate.

Ik tink dat SC Hearrenfean en normaal dwaan altyd goed by elkoar past ha. As it spul net al te goed is, meie je dat gewoan sizze. Nochris, spitich dat de jongere generaasje sjoernalisten net by dy kwartfinale op 17 febrewaris 1993 west ha. Dan hienen se no grif skreaun en twittere dat de kommende simmer wol wat wurk oan it team te dwaan is. De motor moat wol in ûnderhâldsbeurtsje ha, der sitte wat gatten yn de spatbuorden dy't laske wurde moatte en as alles dan moai glêd skjirre is, kin der in nije laach ferve op. Neat om ûngerêst oer te wurden. Gewoan, normaal dwaan."

(advertinsje)
(advertinsje)