Marit Bouwmeester wreidet foarsprong op EK út

11 maaie 2018 - 22:59

Marit Bouwmeester fan Warten hat op it EK Laser Radial-silen yn it Frânske La Rochelle har foarsprong op de konkurrinsje útwreide. De koprinner fan it klassemint waard freed yn har races earste en twadde. Maxime Jonker, de nûmer twa yn it klassemint, hie freed ien mindere race, dêr't se 13e yn waard. De oare race wûn se al.

Sneon is de lêste dei fan it EK.

(advertinsje)
(advertinsje)