Nije rûnfeartboat te wetter

20 jun 2012 - 20:54

Yn Jirnsum is woansdei de Oliekoek te wetter litten, de nije rûnfeartboat fan de stifting Rondvaartboot Bolsward. De Westlandpream is boud troch learlingen fan ROC Friese Poort fan fêstigings yn Snits en Ljouwert.

Ynkoarten beskikt de skoalle foar dizze oplieding Wettersportyndustry ek oer in eigen werf op bedriuweterrein It Ges yn Snits. De Oliekoek hat in elektryske motor en ferfangt in selde soart skip mei in diselmotor. Dat der in elektryske motor ynkaam, wie in betingst foar it krijen fan subsydzje.

(advertinsje)
(advertinsje)