Drachtster Boys ferliest earste finalewedstriid fan Pernis

11 maaie 2018 - 22:32

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys binne de finales om it kampioenskip fan Nederlân begûn mei ferlies. Yn de útwedstriid by Pernis gie de ploech fan Symen Abe Hoekstra mei 4-2 ûnderút.

Yn Schiedam stie de thúsklup nei de earste helte al op in 2-0-foarsprong. Nei it skoft skoarden de Drachtsters wol twa kear, mar dat die Pernis ek.

Wol Drachtster Boys har titel prolongearje, dan moat de ploech no twa kear winne. Oare wike freed steane beide ploegen yn Drachten tsjinoer inoar. Slagget Drachtster Boys deryn om dan te winnen, dan folget in wike letter yn Drachten de beslissende tredde wedstriid.

(advertinsje)