"Meiden van de Wielenpôlle" litte twa kanten sjen

It terrein fan de brânwacht en in bûntkleurde karavan foarmje it dekôr foar it teäterstik De Meiden van de Wielenpôlle. Christina (10), Cynthia (11), Jessica (20), Joline (17), Myrthe (13) en Sanne (14) litte op muzyk en mei behelp fan ûnder oare paraplu's en bokshânskoannen sjen dat jonge froulju sawol hurde as sachte kanten ha.
Adje Lambertz
It teäterstik is in ûnderdiel fan it LF2018-projekt Adje Lambertsz. Under rezjy fan teätermakkers meitsje jongeren út wiken en doarpen yn de gemeente Ljouwert in eigen stik mei in karavan as binende faktor.
Teätermakster Lisa Groot Haar is opgroeid yn Ljouwert en woe graach in stik meitsje mei jongerein út de Wielenpôlle. "Ik was er nog nooit geweest, maar ik had wel gehoord dat er een grote sociale samenhang heerst in de wijk. Het thema van Culturele Hoofdstad is mienskip, en ik dacht meteen: waar vind je meer mienskip dan hier, in de Wielenpôlle?"
Allegear Wielenpôlle-famkes
Allinnich famkes út de Wielenpôlle ha harren opjûn foar it teäterstik. Yn de earste gearkomste ha sy fuort oanjûn dat se sawol in leave as stoere kant yn harren ha en dat se graach mei allinnich famkes dit stik meitsje woene.
De jonge fammen ha trije moannen oefene. De karavan ha se nei eigen smaak yn allegear kleuren ferve, wêrby't de iene kant it sachte karakter en de oare kant it hurde karakter útbyldet.
Buerthûs Kobbekooi
It teäterstik wurdt sneon- en sneintemiddei opfierd achter it buerthûs Kobbekooi yn de Wielenpôlle.