Aldere frou Drachten oerfallen

© Omrop Fryslân
In âldere frou yn Drachten is woansdei by de berging fan har flat oan de Burefen oerfallen. Se soe de fyts yn it skuorke sette, doe't in man achter har kaam te stean en har tas ôfpakke woe. Doe't de frou de tas net loslitte woe, foel se en rekke licht ferwûne. De oerfaller pakte de beurs út har tas en naaide op de fyts út. It giet om in donkere man mei lang, swart kruljend hier en in read/griis jack oan.