Froulju SC Hearrenfean rekkenje thús ôf mei PEC Zwolle

11 maaie 2018 - 21:30

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn mei dúdlike sifers ôfrekkene mei PEC Zwolle: op sportpark Skoatterwâld waard it 3-0 foar de ploech fan trainer Roeland ten Berge.

Iepeningstreffer Hoekstra

Oan it begjin fan de wedstriid sette PEC Zwolle de measte druk, mar it bleau lang 0-0. In pear minuten foar it skoft soarge Tiny Hoekstra der lykwols foar dat Hearrenfean mei in foarsprong oan de tee gong.

Nei in oere spyljen makke Fenna Kalma mei in kopbal de 2-0, út in foarset fan Dana Philippo. Dyselde Philippo sette flak foar tiid de einstân op it skoareboerd: 3-0.

20 út seis

Hearrenfean en PEC Zwolle stienen foarôfgeand oan dizze wedstriid tredde en fjirde yn de kampioensgroep mei likefolle punten. No hat Hearrenfean 20 punten út seis wedstriden, trije mear dus as PEC.

Takom wike stiet de foarlêste kompetysjewedstriid op it programma foar de Hearrenfeanfroulju: op besite by koprinner Ajax.

(advertinsje)