Selstraf stellerij Erasmushiem

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
In 51-jierrige eardere putsjeman fan fersoargingstehûs Erasmushiem moat 16 moanne de sel yn foar stellerij. De man hat tusken 2010 en 2012 by sân ferskate oanleunwenten jild en sieraden stellen. De putsjeman koe mei in loper de wenten ynkomme.
De PvdA Ljouwert wol dat kamera's ophongen wurde yn it fersoargingstehûs, om't bewenners har ûnfeilich fiele.