Nyck de Vries op foarste startrige yn Barcelona

© Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
Autokoereur Nyck de Vries mei sneon fan de foarste rige ôf starte yn de Formule 2 race yn Barcelona. De Twellingeaster waard freed by de kwalifikaasjerace twadde. Allinnich de Tai Alexander Albon die it better.
It is de bêste kwalifikaasje fan De Vries oant no ta yn de Formule 2.
It sirkwy fan Barcelona-Catalunya is it toaniel fan de fiifde en sechsde race fan it seizoen. Nei twa racewykeinen - yn Bachrein en Azerbeidzjan - stiet De Vries fiifde yn it klassemint.