Goud Crispijn Ariëns en Maya de Jong op punte-ôffalkoers

Crispijn Ariëns hat freed op it NK skeelerjen yn Heerde goud wûn op de punte-ôffalkoers. De ynwenner fan Wolvegea, dy't earder freed útroppen waard ta skeeleraar fan it jier, rekkene superieur ôf mei syn konkurrinten. It sulver wie foar Luc ter Haar, it brûns foar Chris Huizinga.
By de froulju wûn de 18-jierrige Maya de Jong fan Haulerwyk it goud op de punte-ôffalkoers. Se wie ferdigenjend Nederlânsk kampioen Elma de Vries te rap ôf. Gerline Crediet wûn it brûns.
Op de 1000 meter wienen der gjin Fryske winners, mar wol medaljes: Maya de Jong wûn it sulver en it brûns gie nei Marijke Groenewoud fan Hallum. Elisa Dul wie op dy ôfstân de bêste.