FIDEO: Lieuwe 'It Beest' Westra nije filmstjer?

11 maaie 2018 - 19:34

It soe samar kinne dat it boek 'Het Beest. Het wielerleven van Lieuwe Westra' oer de âld-hurdfytster fan De Tijnje ferfilme wurdt. Dat fertelt skriuwer Thomas Sijtsma freed yn Fryslân Hjoed, mei ek Lieuwe Westra en sportferslachjouwer Daan Rieken yn de studio.

Mei har trijen sjogge se werom op reaksjes op it boek dy't dêr út de fytswrâld op kamen. It ferhaal fan Westra, dy't pas op lettere leeftyd mei profesjoneel fytsen begûn, sprekt ta de ferbylding. In jongeman dy't strjitlizzer is en yn it wykein nei dûnsfeesten giet mei in soad drank en drugs. En dan it roer omsmyt en de top fan it hurdfytsen berikt.

"Der is ynteresse foar de filmrjochten," seit Sijtsma mei in glimk. "Ik bin dêrfoar benadere, mar mear kin ik der echt net oer fertelle."

(advertinsje)
(advertinsje)