Needklok It Fryske Gea oer massale stjerte ûnder ynsekten

11 maaie 2018 - 19:03

Natuerorganisaasje It Fryske Gea liedt de needklok oer massale stjerte ûnder ynsekten. Yn in artikel seit It Fryske Gea-direkteur Henk de Vries dat de kâns grut is "dat it folsleine bouwurk fan it libben op ierde ynstoart".

Bettere kar meitsje

Ien fan de earste saken dy't oars moat, is it brûken fan gif om pleagen en planten te bestriden. Gewoane boargers kinne bygelyks as konsumint betiden ek in bettere kar meitsje foar duorsume produkten en fansels soargje foar in ynsektfreonlike tún.

De situaasje yn it boerelân kin folle better, fynt De Vries, mar dat is foar in yndividuele boer hiel dreech om te feroarjen.

"It moat boeren net de kop kostje"

Foarsitter Trienke Elshof fan boere-organisaasje LTO regio Noord fynt it dreech om op basis fan wat wy no witte fan de ynsekten yn Nederlân, gau grutskalige feroaringen yn gong te setten. De kwaliteit fan de produkten kin dêrtroch minder wurde, je hawwe mear kâns op minne rispingen en de konkurrinsjeposysje mei it bûtenlân komt ûnder druk te stean.

"It moat boeren net de kop kostje", seit Elshof, dy't lykas De Vries ek seit dat it breed oppakt wurde moat, want de boeren kinne it seker net allinnich.

Trefwurden: 
it Fryske Gea ynsekten
(advertinsje)