Katten Hearrenfean besketten

20 jun 2012 - 19:56

Twa katten binne op It Hearrenfean mei in luchtbuks besketten. It barde yn 'e omkriten fan de Baalder. Begjin maart is de earste kat besketten. De achterkant fan syn lichem wie hielendal ferlamme. It giet no alwer wat better mei it bist.

Foarige wike is in oare kat rekke. De bistedokter ûntduts doe ek in ferwûning fan in pear wike âld, dêr't noch in kûgeltsje yn siet. De Bistebeskerming freget tsjûgen har te melden. Se komme ek graach yn kontakt mei minsken mei in kat dy't itselde meimakke hat.

(advertinsje)