Ald-boargemaster Eric ter Keurs wethâlder Smellingerlân

11 maaie 2018 - 18:28

De VVD yn de gemeente Smellingerlân skowt Eric ter Keurs nei foaren as beëage wethâlder yn it nije kolleezje fan B en W. Ter Keurs (53) is de âld-boargemaster fan de gemeenten Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel. Op it stuit is er adviseur en ekstern foarsitter yn de publike sektor.

Smellingerlân krijt de kommende jierren in koälysje fan ELP, VVD, PvdA en de kombinaasje GrienLinks/FNP. De ELP krijt twa wethâlders, VVD, PvdA, GrienLinks/FNP elk ien.

(advertinsje)