Manon Kamminga en Crispijn Ariëns skeeleraars fan it jier

11 maaie 2018 - 17:30

Manon Kamminga fan Haulerwyk en Wolvegeaster Crispijn Ariëns binne freed útroppen ta skeeleraars fan it jier. De prizen waarden útrikt yn Heerde, dêr't dizze dagen it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen ferriden wurdt.

Kamminga pakte foarich jier de Europeeske titel yn Lagos, Ariëns wûn it Iepen NK en waard tredde op it EK.

De twa laureaten krigen in glêzen trofee.

(advertinsje)