Waadhoeke ûndersiket klachten oer útlânske túnboumeiwurkers

De gemeente Waadhoeke sil de klachten oer de húsfêsting fan arbeidsmigranten yn Berltsum serieus ûndersykje. De gemeente docht dat nei't der út it doarp klachten kamen oer tefolle bûtenlânske túnboumeiwurkers yn ien hûs.
Waadhoeke hat signalen krigen dat dizze oertreding der is. Dat nimt de gemeente tige serieus, seit wethâlder Nel Haarsma.

Oerlêst

Buertbewenners konstatearren dat der yn de tawiisde huzen mear migranten wenje as tastien is en binne dêr lilk oer. Dit jout neffens harren oerlêst en de wenomstannichheden foar de migranten binne dêrtroch ek ûnder de maat, sizze se.
De FNP hat yn de persoan fan riedslid Sijbe Knol al oan de belle lutsen en wol dat de gemeente Waadhoeke it earder makke belied hânhavenet.

Eardere ôfspraken

Utstjoerburo VZM út Frjentsjer regelet dy húsfêsting. Wurdfierder Ruud Kok jout ta dat der maksimaal seis minsken yn ien hûs wenje meie. Dat binne ôfspraken dy't makke binne mei de eardere gemeente Menameradiel.
Kok is tige teloarsteld dat Waadhoeke, dêr't Menameradiel yn opgien is, dizze ôfspraken eigenhannich wizige hat en slút prosedueres net út.