Dosint snapt neat fan ûntslach

De gymlearaar fan it Drachtster Lyceum dy't dien krigen hat, begrypt neat fan syn ûntslach. Neffens de skoalle hat de man him net oan de regels hâlden wêrtroch't se net mear mei him wurkje koene.
Op de skoalle is in soad ûnrêst ûntstien oer it ûntslach, learlingen en kollegadosinten binne bot oandien. De dosint fertelt dat hy in berisping krigen hat om't er in learling bûten it lokaal wurkje liet, sûnder dat te melden oan 'e lieding. Hy hat dêr syn ekskús foar oanbean.
Hy snapt net wêrom't no sokke swiere maatregels folgje. De man doart syn ferhaal net foar de mikrofoan te dwaan, hy hat it der dreech mei. De Drachtster hat ynkoarten oerlis mei de skoalle oer nij wurk bûten it Lyceum. Hy wit noch net wat er dwaan sil. It leafst soe er op de skoalle wurkje wolle. ,,Het is mijn school, ik heb leuke collega's en geweldige leerlingen.''