Repetysjes foar Finestra Aperta op it Gaastereilân úteinset

Op it Gaastereilân, in skiereilân ûnder de reek fan Drachten, binne de repetysjes foar Finestra Aperta úteinset. Dat stiet foar 'Iepen Finster'.
Bamboekoepel
Finestra Aperta is in lokaasjefoarstelling dy't spesjaal makke is foar Ljouwert-Fryslân 2018. It is in produksje fan Blau Hynder, Boost Producties en skouboarch De Lawei. Finestra Aperta spilet yn in koepel, makke fan bamboe. It is de grutste bamboekoepel ea makke yn Europa.
Syktocht nei balâns
De basis fan it stik leit yn it gedachtegoed fan de Fryske filosoof Gosse Postma. It is in syktocht nei balâns. Letterlik yn de foarstelling, wêryn't spile wurdt op in hingjende beam, mar ek figuerlik: de balâns yn de mienskip.
Dat lêste wurdt útbylde troch muzikanten en akrobaten. Dy klimme oer balken en hingje yn de touwen. Yntusken draait de beam, in mobile sa't se it sels neame, hurd yn de rûnte, begelaat troch muzyk.
Ien moanne
De foarstelling giet op 1 juny yn premjêre en spilet oant en mei 1 july.