No mooglik ek rhinofirus yn maneezje yn Aldeholtpea

11 maaie 2018 - 15:18

In maneezje yn Aldeholtpea is ôfsletten omdat ien fan de hynders ferskynsels fan it neurologyske rhinofirus fertoant. Dat firus is besmetlik. By hynders kin it ferlammingen feroarsaakje. Foar minsken is it firus net skeadlik.

Earder al yn diereklinyk

It rhinofirus is foarige wike útbrutsen by de diereklinyk fan Aldeholtpea. It maneezjehynder hat yn dyselde klinyk west, mar it is noch net offisjeel dúdlik oft it echt besmet is mei it firus. Dat wurdt op dit stuit ûndersocht yn Deventer. It hynder is yn karantêne pleatst.

45 hynders

By de maneezje, De Heidehoogte, steane yn totaal 45 hynders. It personiel hâldt skerp yn de gaten oft dy net ek firusferskynsels fertoane. Sa wurdt fan alle bisten twa kear deis de temperatuer metten.

Fan alle hynders in meunster nei Deventer stjoere om út te finen oft se besmet binne, soe yn ien kear dúdlikheid jaan, mar dat is neffens de eigneresse fan de maneezje net te beteljen.

(advertinsje)