"Waylon hat lêst fan oanstelleritus..."

11 maaie 2018 - 14:07

Waylon stiet yn de finale fan it Eurovisie Songfestival. Sels wie er út 'e skroeven, mar op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes wikseljend: "Hy die it fantastysk! Al hat hy syn eigenaardichheden, hy sjongt geweldich!". Oaren typearren him as in 'malloot' en immen mei 'oanstelleritus'.

It festival sels wie neffens in soad minsken ek net mear wat it west hat. It is no 'in sirkus', 'in korrupt soadsje' en in festival dêr't Nederlân gjin inkelde kâns makket om't: "Alle bûtenlanners inoar de punten wat jouwe." In echte Ljouwerter hie syn gedachten mear by de finale dy't nét helle waard: "Man, hou op, ik hew der noch nachtmerries fan dat Cambuur der út leit."

(advertinsje)