Foarljochtingskampanje om jonge seehûnen gewurde te litten

11 maaie 2018 - 13:46

Seehûnesintra begjinne mei in foarljochtingskampanje om minsken der op te wizen, dat se seehûnen en har jongen mei rêst litte moatte. Soms liket it as oft in seehûnejong yn 'e steek litten is, mar de mem is dan meastal wol yn de buert. It gûlen fan in jong is de normale manier, om kontakt te sykjen mei de mem. Seehûnepups ha faak hielendal gjin help nedich, as se sûnder de mem op in sânplaat lizze, seit Niek Kuizenga fan it seehûne-opfangsintrum yn Pieterburen.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat folle minder jongen ferlet ha fan help as tocht wurdt. Troch se gewurde te litten, kin ûnnedige opfang foarkaam wurde, sizze de seehûnesintra. By twivel kinne minsken belje mei it sintrum dat it tichtste yn de buert leit.

(advertinsje)
(advertinsje)