It Grut Frysk Diktee giet foar rekôrtal: "It plein moat fol"

© Omrop Fryslân
Der hawwe harren al mear as 250 minsken oanmeld foar It Grut Frysk Diktee dat op 21 juny by de Aldehou yn Ljouwert holden wurdt. De organisaasje is bliid mei dit oantal, mar lit witte dat der noch hieltyd mear by kinne.
"Wy binne hiel bliid dat der no al 250 ynskriuwingen binne", seit sjueryfoarsitter Hindrik Sijens. "Dat is folle mear as oare jierren, mar der kinne fansels noch folle mear meidwaan. It plein moat fol."

Rekôrtal

It Grut Frysk Diktee hat dit jier in oare opset. De organisaasje wol sa folle mooglik minsken meiskriuwe litte oan it diktee, yn in ultym stribjen ta in rekôr te kommen. It diktee sil plakfine op 21 juny, om 19.00 oere, op it Aldehoustertsjerkhôf.
Elkenien boppe de tolve jier kin meidwaan. In kwalifikaasje is dit jier dus ek net nedich. Sijens: "Elkenien kin meidwaan. Bedriuwen, personielsferieningen, skoalklassen en oare ferieningen binne fan herte wolkom."

Alle leeftiden

Der is oant no ta in grut ferskaat oan leeftiden te sjen by de dielnimmers, sa seit Sijens. "Wy fine it moai dat it skriuwen fan it Frysk in saak is foar minsken fan alle leeftiden. De gemiddelde leeftiid fan de dielnimmers is 47 jier. De jongste is 13 en de âldste 79."
Oanmelde foar It Grut Frysk Diktee kin noch oant 1 juny.