Auto slipt op drekkige dyk

03 nov 2011 - 09:24
Foto: Omrop Fryslân

In 46-jierrige ynwenster fan Arum is woansdei mei de auto yn de feart bedarre, omdat se yn de slip rekke op in drekkige dyk. Op de Easthimmerwei by Wytmarsum ferlear de frou de macht oer it stjoer. Dat kaam trochdat de dyk glêd wie omdat der in laach modder op lei. De frou rekke net ferwûne. De plysje siket út hoe't de drek op de dyk kaam is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)