Yn Ljouwert ferkocht steatslot smyt 100.000 euro op

Jild © ANP
Op in lot fan de Staatsloterij XL dat ferkocht is by Tabakspesjaalsaak P. van der Kamp yn Ljouwert is in priis fan 100.000 euro fallen. It lot waard op 10 maaie lutsen. De winner hat him of har freed melden. It giet om in fêste klant. Yn ferbân mei de privacy wol de saak fierder neat oer de winner sizze.
De haadpriis fan ien miljoen euro is útkeard oan fiif winners yn Amsterdam, Almere, Nieuwkoop, Bergen op Zoom en Malden. Sy hiene elk in fiifde part fan it lot kocht en krigen elk 200.000 euro. De Jackpot fan de Staatsloterij foel net en is dêrom trochskood nei de trekking op 10 juny. Dan kin der 17,5 miljoen euro wûn wurde.
It is net foar it earst dat de tabakssaak sokke grutte prizen útdiele mei. Ungefear 4 jier lyn is der in priis fan ien miljoen euro fallen op in lot dat kocht wie yn de saak op de Skrâns. Dat gong om ien-fyfde lot. De winner koe doe mei 200.000 euro nei hûs.