Fytster ferwûne by ûngelok op De Jouwer
In fytster is freedtemoarn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Geert Knolwei op De Jouwer. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De tadracht fan it ûngelok is net bekend.
Neist de plysje en de ambulânse waard ek in traumahelikopter oproppen, mar dy hoegde fierders net yn aksje te kommen.