Liander kin piken oanlevere stroom sinneparken net byfytse

11 maaie 2018 - 12:00

De oanlis fan grutte sinneparken yn Fryslân giet sa hurd, dat netbehearder Liander de piken fan de oanlevere stroom net oankin. It bedriuw wol dan ek ôfspraken meitsje mei inisjatyfnimmers fan nije parken oer de levering fan elektrisiteit. It kin wêze dat Liander de sinneparken freget om tydlik minder te leverjen.

De netbehearder wurket oan de útwreiding fan it stroomnet, sadat se de piken tenei wol oankinne, mar dit kin al mei al wol trije jier duorje foardat dat klear is. Oant dy tiid moatte benammen nije, grutte parken, mar ek partikulieren, it rêstich oan dwaan mei it leverjen fan stroom.

Bettere sprieding

Dat de oanlis fan parken yn Fryslân sa populêr is, hat neffens Liander benammen te krijen mei de romte dy't hjir beskikber is. Liander wol dat de oerheid foar in bettere sprieding fan de sinneparken soarget en ropt elkenien mei plannen op om dat op tiid te melden.

It Amelân

By de Amelanner Enerzjy Koöperaasje, benammen bekend fan it grutte sinnepark by it fleanfjild op it eilân, ha se it oer in lyts opûnthâld yn harren plannen. De stop fan Liander rekket it besteande park net, mar de koöperaasje moat noch oardel jier geduld ha mei de plannen foar de oanlis fan sinnepanielen op bedriuwsloadsen.

(advertinsje)