Ferwûne nei botsing by ferkearsljochten Griene Stjer

11 maaie 2018 - 10:26

In automobilist is freedtemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de Grinzerstrjitwei by de Griene Stjer yn Ljouwert. In auto stie te wachtsjen foar it ferkearsljocht, doe't in twadde auto der mei hege snelheid achterop botste. Troch de klap skeat de achterste auto in stik nei foaren en kaam op de krusing ta stilstân.

Meiwurkers fan de ambulânse ha de ynsitters behannele. Ien persoan moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
botsing Griene Stjer Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)