Alle 136 dielnimmers oan HT-race helje einstreek op Skylge

11 maaie 2018 - 22:51
  • Alle 136 dielnimmers oan HT-race helje einstreek op Skylge
  • Live by de start fan de HT-race
  • Foarsitter Evelyn Bot fan de Mata Hari

"Het kán toch niet, het zál toch niet. Maar we kwamen toch als eerste binnen, dus het was een tranendal, zó prachtig". Sa bliid wienen se by de sloep Mata Hari, nei't se yn de HT-race as earste oankamen op Skylge.

Wildcard

Foarsitter Evelyn Bot leit út dat de froulju mei in wildcard oan de start ferskynden. De acht froulju wienen ien fan de 136 roeiteams dy't freed oan de start fan de HT-race stienen. Al dy teams hawwe de einstreek helle. De earste sloepen begûnen om 8.30 oere oan de race. De Mata Hari lei de 32 kilometer ôf yn trije oeren en 25 minuten.

Winner noch net dúdlik

Omdat alle dielnimmers net op itselde momint yn de haven fan Harns oan de race begûnen, is noch net dúdlik welk team de winner is fan de 32 kilometer lange roeiwedstriid. De boaten en bemanningsleden kamen út it hiele lân.

GPS-tracker

De race wie foar it earst live te folgjen fia YouTube. As proef krigen tachtich sloepen in GPS-tracker.

Trefwurden: 
HT-race sloep Harns Skylge
(advertinsje)