Westra start as favoryt op NK

20 jun 2012 - 17:13

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is woansdeitejûn dé grutte favoryt by it Nederlânsk kampioenskip tiidriden yn Emmen. De wedstriid giet oer 45 kilometer en de start is yn de bistetún fan Emmen.

It NK tiidriden jildt ek as seleksjewedstriid foar de Olympyske Spelen yn Londen. Foar Westra jildt dat net. Hy is al oanwiisd as Nederlânske dielnimmer by dy Olympyske tiidrit.

(advertinsje)
(advertinsje)