Plysje Ljouwert hat drokke nacht mei stapperspublyk

11 maaie 2018 - 07:01

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitenacht drok west mei stapperspublyk. In 22-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden, nei't hy op it Ruterskertier in oar mei de fûst yn it gesicht slein hie. De plysje krige ek in melding oer in fjochtpartij op it Hoeksterpaad. In man soe dêr tsjin syn holle skopt en slein wêze. Mar doe't de plysje oankaam, wie der net ien mear te bekennen. Der is ek noch gjin oanjefte dien.

Ek op de Eewâl soe in grutte fjochterij west ha, mar ek hjir kaam de plysje te let om noch wat dwaan te kinnen en wiene de belutsenen al fuort. De plysje fûn ek twa famkes dy't sa dronken wiene dat se net langer rinne koene en op strjitte leine. It giet om in 14-jierrich famke út de de gemeente Súdwest-Fryslân en in 17-jierrich famke út Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)