Kollum: "Moai waar en lange dagen"

11 maaie 2018 - 07:20

"En dan ynienen is it safier, maaitiid! Us provinsje hat yn in koart skoftsje tiid wer kleur krigen en it is alle dagen in kadootsje om bûten te wêzen. De kij steane yn 't lân, de loft is blau, yn it felgriene gers groeie pinkster-, bûter- en hynsteblommen én it piipkrûd bloeit. Dan noch it sintsje derby en de wrâld om ús hinne wie wer perfekt.

Moai waar en lange dagen... en in probleem want ik hie neat om oan te dwaan. Altyd wer efkes in konfrontearjend momint, foaral troch dy ekstra winterkilo's, dy't der net mear ôf wolle sûnt myn horrormoanen yn 'e war binne. Normaal hoegde ik mar te tinken dat ik wer 67 kilo wêze woe en dan waard ik dat, mar no giet dat net mear sa flot. En ik kin fansels net neaken oer de dyk rinne, dus moast ik wol te sjoppen.

Ik stie yn in paskeamer en op 'e spegel hong in sticker dêr't op stie: 'Deze spiegel vervormt niet, je ziet er prima uit', mar ik wie it der net mei iens. Want ek yn dit pashokje, like ik wol tsien kilo swierder yn stee fan fjouwer en dat komt troch it aaklike felle ljocht. It makket dy ek nochris sa wyt as in deade. Ik begryp net dat der oant no ta nimmen in froufreonlik ljochtplan foar pashokjes betocht hat. It soe in útkomst wêze!

Myn B-zones binne wat rûner wurden, dus ik moast ek nije Berend Hup's ha. Mar it idee om healneaken yn in krap hokje te stean mei sa'n frommes te 'drammen', spruts my net oan. Dêrom ha ik foar 400 euro BH's besteld by de Wehkamp. Nei de tiid betelje, ideaal! Ik krige in doaze fol en úteinlik ha 'k trije holden. Thús foar de spegel by deiljocht passe en dat hat my in soad frustraasjes besparre.

Mar ik bedarre dus al yn it pashokje mei dy stomme sticker. Ik ha in pear dingen past en mar ien himdsje kocht. Dat stie my thús ek better as dêr. Dat is it neidiel fan simmerklean... as je wat passe wolle, moat alles earst út. En no't ik yn 'e oergongsfaze fan myn libben sit, wol ik ek net mear fan dy strakke klean oan ha as it waarm is. Dan fiel ik my opsluten en beheind. Alles dat ik amper mear oan hie of my net mear past, ha ik fuortbrocht.

Romte yn 'e kast, romte yn 'e klean, romte yn 'e holle... en in pear ûnderbroeken dy'tst net sitten sjochst ûnder in jurkje en dy't net hieltyd yn dyn kont opkrûpe. Dus ik gong wer op en paad, mar se wiene út it assortimint! Ik krige it nûmer fan in oar filiaal en doe't ik fuortrûn, seach ik twa leuke simmerjurkjes. Dochs mar wer sa'n pashokje yn en mei de eagen ticht de jurkjes oanlûke. Lokkich wiene se perfekt. Net te strak, flot en simmersk.

De ferkeapster frege hoe't it gong en ik liet har de jurkjes sjen. Se bearde wakker en al pratende kamen wy derachter dat we deselde problemen hiene. Se wie ek 47 jier en de kilo's op de B-zones fûn sy ek dreech te managen. Mar se seach der prachtich út en it wie moai om ûnderfiningen út te wikseljen. Je beprate soks ek net mei elkenien, no?

Ik bin klear foar de simmer mar ik sil al besykje ûnder de 70 kilo te kommen. Ik wit noch net hoe, mar ik tink troch minder te iten en hooplik troch de útfining fan froufreonlik paskeamerljocht. Want al soe it ynearsten mar sa lykje... dan fielst dy drekt al kilo's better."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)