17-jierrige razer besmyt minsken mei iten yn Ljouwert

10 maaie 2018 - 22:44

In 17-jierrige Snitser waard tongersdei oppakt nei't er yn Ljouwert itenswaar nei minsken op strjitte smiet en tsjin se raasde. De jonge waard tongersdeitemiddei wegere by in festival op it Aldehoustertsjerkhôf en foel dêrnei yn it sintrum minsken lestich. Doe't de plysje him in proses-ferbaal joech foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder, misledige er de plysjeman. De jonge is fuort oanhâlden foar mislediging en meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
(advertinsje)