Marijke Groenewoud wint twa kear goud op it NK skeelerjen

10 maaie 2018 - 22:02

Marijke Groenewoud út Hallum hat tongersdei op de earste dei fan it NK skeelerjen yn Heerde twa Nederlânske titels ferovere. Se wie de bêste op de 500 meter en op de ôffalkoers.

Op de 500 meter waard se yn earste ynstânsje twadde, mar nei de diskwalifikaasje fan Elisa Dul krige Groenewoud dochs noch it goud omhongen. Twadde waard Daniëlle Ootes en Tricia van der Weide tredde. Op de ôffalkoers wûn Groenewoud yn de finale fan Elsemieke van Maaren en Bianca Roosenboom.

(advertinsje)