Ljouwert wint ôfdielingswedstriid foar manlju yn Tsjummearum

It Ljouwerter partoer mei Feiko Broersma, Pieter Jan Plat en Hans Wassenaar is tongersdei yn Tsjummearum winner wurden fan de ôfdielingswedstriid foar manlju yn de haadklasse. It wûn yn de finale mei 5-5 6-2 fan it partoer fan Minnertsgea mei Marten Bergsma, Klaas Anne Terpstra en Hendrik Kootstra. De lytse preemje wie foar Makkum, dat keatste mei Jelle Attema, Hyltje Bosma en Lennart Adema.