Opnij argewaasje yn Berltsum oer kasarbeiders

Opnij is der argewaasje yn Berltsum fanwegen de kasarbeiders yn it doarp. Buertbewenners hawwe konstatearre dat der yn de tawiisde huzen mear arbeidsmigranten wenje as tastien is en binne dêr lilk oer. Dit jout oerlêst en de wenomstannichheden foar de kasarebeiders binne dêrtroch ek ûnder de maat, fine se.
Earder opskuor
Earder dit jier wie der ek al opskuor oer de migranten. Doarpsbewenners fûnen doe dat der tefolle migranten yn ien wenwyk byelkoar komme soene, wêrtroch't it lykwicht tusken migranten en net-mirgranten út balâns reitsje soe. De migranten moatte neffens doarpsbewenners mear ferspraat wurde. Dan wurde se ek better opnaam yn de mienskip.
Belied net neilibbe
Nei oanlieding fan dy situaasje hie de gemeente belied makke, wêrby't ôfpraat is dat der maksimaal fjouwer migranten yn ien hûs wenje meie yn in striel fan 25 meter fan elkoar. Utstjoerburo VZM hâldt him lykwols net oan de regels, troch mear as fjouwer migranten yn ien hûs te húsfesten én boppedat yn fjouwer huzen njonkenelkoar, sizze de doarpsbewenners.
Unakseptabel
De FNP fynt de gong fan saken yn Berltsum ûnakseptabel en wol, lykas de doarpsbewenners, dat de gemeente Waadhoeke it earder makke belied hânhavenet en dus sa gau mooglik yngrypt.