Marit Bouwmeester nimt kopposysje oer op EK

© ANP
Sylster Marit Bouwmeester hat de kopposysje pakt by it Europeesk kampioenskip Laser Radial yn La Rochelle, Frankryk. De reagearjend Europeesk, olympysk en wrâldkampioen út Warten waard tongersdei fiifde en sânde. Dat wie genôch om fan plak twa op te skowen nei plak ien, om't konkurrint en lângenoate Maxime Jonker in mindere dei hie.
Mirthe Akkerman fan Akkrum hie tongersdei ek net in bêste dei. Se waard 42e en 40e en stiet op it 35e plak yn it klassemint.
It Europeesk kampioenskip duorret noch oant en mei sneon.