Sloepen HT-race yn it wetter takele en kontrolearre

10 maaie 2018 - 19:12

Goed hûndert sloepen út it hiele lân wei binne tongersdei yn Harns te wetter litten. Roeiteams sille freed mei harren sloep fan Harns nei Skylge roeie yn it ramt fan de HT-race.

Kontrôle

Yn rigen efter inoar wurde de sloepen mei in kraan it wetter yn takele. Dêrby wurde de maten en it gewicht fan de sloepen kontrolearre om te sjen oft se oan alle easken foldogge. It kin wêze dat boaten oanpast binne sadat der better en rapper roeid wurde kin, mar dat mei net.

"Mooiste race van het jaar"

Dielnimmers sjogge út nei de race fan freed, al kin de roeitocht wol swier wurde troch de wyn. Mar neffens in roeier út Seelân kin dit de wille net bedjerre: "De HT-race is de mooiste roeirace fan het jaar!"

GPS-tracker

De race is foar it earst live te folgjen fia Youtube. As proef hawwe tachtich sloepen in GPS-tracker krigen en dy binne dus ek op de kaart te folgjen.

Trefwurden: 
HT-race sloepen Harns
(advertinsje)