Brânwachtwein út Kollum ûnderweis nei Roemenië

11 maaie 2018 - 06:17

De brânwacht fan Kollum is wer ûnderweis nei Roemenië mei in brânwachtauto. Dizze kear wurdt in auto nei in doarpke yn de gemeente Voinesti brocht. Stichting Hulpgoederen Roemenië Garyp Earnewâld hat it jild foar de auto byinoar brocht en de brânwacht frege om dit doarpke, Schitu Stavnic, in auto te skinken, om't se dêr in soad ûnderfining hawwe mei it helpen fan brânwachtkorpsen yn Roemenië. It doarp leit tichtby de grins mei Moldavië en is sa'n 2.500 kilometer riden út Kollum wei.

Kwetsbere huzen

It is al de fiifde kear dat de Kollumer brânwacht in auto nei Roemenië rydt. Neffens Albert Hoof fan it brânwachtkorps is dat echt nedich, omdat op it Roemeenske plattelân hast gjin brânwacht is en dat kin foar de lytse doarpen mei kwetsbere huzen foar grutte rampen soargje. Hy tinkt dan ek dat de fiifde wein net de lêste is dy't nei Roemenie brocht wurde sil.

Trefwurden: 
brânwacht Kollum Roemenië
(advertinsje)