Festival Heechspanning lûkt tûzenen besikers

10 maaie 2018 - 17:29

Yn Heech wurdt op Himelfeartsdei foar de 26e kear it festival Heechspanning hâlden. Yn it wettersportdoarp is in grut ferskaat oan muzyk, strjitteäter en berne-aktiviteiten te belibjen. It is yn it doarp gesellich drok mei besikers.

Bysûnder oan de edysje fan dit jier is de gearwurking mei it projekt At the Watergate. Dêrby binne goed 6.000 jongeren út tweintich Europeeske lannen te gast yn in grut tal plakken yn Súdwest-Fryslân, mei Snits as episintrum. Heech hat twa poadia beskikber steld foar it strjitteäterfestival. Heechspanning hat sels in spesjale busferbining Snits-Drylts-Heech regele . Besikers kinne dêrmei fergees nei de ferskate poadia.

Trefwurden: 
Heech Heechspanning
(advertinsje)