Hoareka Skylge langer iepen yn ferbân mei HT-race
De hoareka op Skylge mei freedtenacht en sneontenacht langer iepen. Yn ferbân mei de HT-sloeperace op freed fan Harns nei Skylge is der in ferlinging fan de slutingstiid ynsteld op it Waadeilân. Kroegen meie iepenbliuwe oant 03.00 oere nachts.