Geert Arend Roorda wurdt assistint-jeugdtrainer by Sparta

10 maaie 2018 - 16:03

Ald-fuotballer Geert Arend Roorda sil oan de slach by earedifyzjeklup Sparta Rotterdam. Roorda wurdt assistint-trainer by de A jeugd en wurdt taheakke oan it skoutingsteam fan de klup. Op dit stuit is Roorda tegearre mei Gerald Sibon trainer by Udiros en ek by de jeugd fan Flevo Boys.

De âld-fuotballer fan SC Hearrenfean is dwaande mei syn trainersdiploma's. Hy hat no TC2 helle en wol op foar TC1. Dan is it handich om by in betelle fuotbalklup oan de slach te gean, seit Roorda yn in reaksje.

(advertinsje)