Ferbouwing gerjochtshôf

20 jun 2012 - 16:49

It paleis fan justysje yn Ljouwert wurdt renovearre. It gebou, dêr't saken yn heger berop behannele wurde, krijt twa ekstra sittingssealen. Op it stuit binne der twa sealen, mar dat is net genôch.

Ek komt der mear romte foar besikers. Fierder wurde guon saken yn it gebou fernijd. De opknapbeurt duorret sa'n fiif moannen en is nei alle gedachten oan 'e ein fan 2012 klear. De sittingen wurde yn dizze perioade op in oar plak hâlden. Wêr krekt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
justysje gerjochtshôf
(advertinsje)