Auto skept bromfytser by Heech

03 nov 2011 - 09:34

In 16-jierrige bromfytser is woansdei by Heech ferwûne rekke doe't er oanriden waard troch in auto dy't fan in hiem de dyk opride soe. De jonge út Heech ried op Lytshuzen oer it fytspaad, doe't er skept waard troch in 55-jierrige automobilist. Dy hie de brommer oer de holle sjoen doe't er de dyk opdraaide.

De jonge kaam in pear meter fierder op de dyk telâne en is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)