Gymlearaar lyseum krijt dien

20 jun 2012 - 16:39

Op it Drachtster Lyceum is in soad kommoasje ûntstien nei't in gymlearaar dien krigen hat. Neffens de skoalle hat de man him net oan de regels hâlden. wêrtroch se net mear mei him wurkje koene. De learlingen binne oandien.

It konflikt tusken dosint en skoalle spilet al wiken. Al dy tiid ha learlingen gjin les fan him hân en binne se net ynfomearre oer it fuortbliuwen fan de dosint. De skoalle hat woansdei in mail stjoerd nei de âlders fan de learlingen oer de saak. Wat der krekt spile hat bliuwt ûndúdlik.

Kollega-dosinten fan de boppebou fan it Drachtster Lyceum ha harren wurk tiisdeitemiddei foar in part stillein. Se wiene ferslein.
De skoalle hat in trajekt opset, dêr't se de dosint mei oan in oare baan helpe wolle. De gymlearaar is dêr noch net op yngien.
De learkrêft is tiisdei fan it skoalleterrein set. Dit barde ûnder skoaltiid en in soad learlingen ha it sjoen.

(advertinsje)
(advertinsje)