Nije help foar swangere famkes

20 jun 2012 - 15:44

Yn Ljouwert is in nije helppost iepene foar famkes en froulju dy't ûnbedoeld yn ferwachting rekke binne. It giet om de organisaasje Siriz. Dy begeliedt froulju by de swangerskip en it meitsjen fan in kar. Op de post sit in maatskiplik wurker dy't advys en begelieding jaan kin by in ûnferwachte swangerskip. De help kin trochgean oant ien jier nei de berte.

Siriz is ûntstien út de Vereniging ter bescherming van het ongeboren kind. Yn 2010 waard de namme feroare omt de ynstânsje te bot as anti-abortus sjoen waard.

It is de ferwachting dat Siriz benammen jonge froulju tusken de 15 en 25 jier helpe sil, mar alle leeftiden binne wolkom. In ûnbedoelde swangerskip soarget faak foar in soad ûnrest, problemen en fragen. Foar help kinne je yn Fryslân ek telâne by sûnenstsjinst GGD Fryslân, de húsdokter en it FIOM, in ynstânsje spesjalisearre yn tienerswangerskippen. Fan hjoed ôf is der ek in spesjale helppost yn Ljouwert fan Siriz.

Trefwurden: 
help swanger Siriz swangerskip
(advertinsje)
(advertinsje)